Noed oer Harnzer monuminten by sâltwinning: ôfspraken mei Den Haag nedich
De gemeente Harns set yn op in proef mei goede ôfspraken mei Den Haag oer sâltwinning. It idee foar sa'n pilot is fan de Stichting Behoud Monumenten Harlingen. Dy makket him soargen oer de hûnderten monuminten fan Harns as troch de sâltwinning de boaiem fersakket.

Wethâlder Paul Schouten
Wethâlder Paul Schouten fan Harns wol foarkomme dat der problemen ûntstean lykas yn Grinslân. Oer oare mynbouplannen, eventuele skea en bewiislêst moatte goede ôfspraken komme mei it regear, seit Schouten. Hy hopet dat minister Eric Wiebes achter de pilot yn Harns stiet.
Yn Den Haag is woansdei in harksit oer de sâltwinning yn it Waadgebiet. Dy sâltwinning kin ynfloed ha op it fersakjen fan de boaiem, en dus ek foar de hûnderten monuminten yn Harns.
