Grut gaslek fûn yn Dokkum

Op in bouplak oan de Allert Jacob van der Poortstrjitte yn Dokkum is in grut gaslek ûntdutsen, dat der mooglik al wiken sit. De brânwacht fan Dokkum waard tiisdeitejûn om healwei tsienen hinne oproppen om mjittingen te dwaan. Dêrby waard it lek oantroffen. Stedin waard ynskeakele om it lek ticht te meitsjen. Neffens de netbehearder giet it yndied om it flink gaslek. De brânwacht fan Dokkum waard in pear moanne lyn ek alris oproppen om mjittingen te dwaan. Doe waard der neat fûn.