Anton Stoelwinder makket replika fan earste Bell-telefoan
Anton Stoelwinder (72) fan De Gordyk makket in replika fan de earste telefoan fan Alexander Graham Bell. Dy replika giet nei it Edison Museum yn Amearika. De filmmakker hat him de lêste jierren talein op it meitsjen fan replika's fan âlde apparaten út de njoggentjinde iuw.
Anton Stoelwinder makket replika fan Bell-tillefoan
Sa makke Stoelwinder earder al in model fan de earste elektryske auto út 1835 fan de Grinzer professor en útfiner Sibrandus Stratingh. Ek wurke er mei oan in model fan de earste grammofoan, wêrmei't Édouard-Léon Scott de Martinville de earste lûdopnamen makke.

Stoelwinder hat fan hûs út in technyske achtergrûn. Ek as filmmakker boude hy wol ynstruminten foar himsels. No't it filmjen minder wurdt, rjochtet hy him wer op syn earste leafde.