Jeugd Nijewier wol minder strange regels by doarpsfeest
De jeugd yn Nijewier wol graach dat de der wat minder strange regels binne foar de eveneminten yn de doarpen yn de gemeente Dongeradiel. Op Facebook skriuwe se, "út namme fan de doarpen", in berjocht oan boargemaster Waanders. Dêrby sjogge se ek nei de Admiraliteitsdagen en de skriuwers fan de tekst ha it idee dat der "mei twa maten metten" wurdt.

"It plattelân fertsjinnet miskien wat in oare benadering as in stêd", seit Aant Jelle Soepboer, ien fan de minsken efter de iepen brief. "Alle eare en lof oan de Admiraliteitsdagen, hear, dat stiet ek yn de brief. Mar wy priuwe wol in sentimint dat it plattelân seit: sa'n feest hat mear frijheid as ús eigen feesten."
Jeugdrûten by de optochten
Dêrby sjocht Soepboer ûnder oare nei de regels by de optochten, dy't wichtich binne yn de doarpen. "As we sa'n optocht hâlde wolle, krije we in koarte mail werom: 'Jullie mogen niet over provinciale wegen rijden, alleen oversteken. Volgend jaar worden aparte jeugdroutes niet meer toegestaan.' Dan kreëarrest wol in bepaalde smaak, want de jeugd ferspikeret tûzenen euro's oan in wein, docht dêr in jier lang syn bêst foar, dus dan wolle je dat ek yn oare doarpen sjen litte. Mar no meist it eigen doarp net iens út."
Aant Jelle Soepboer
Mar der is mear, seit Soepboer: "Yn it doarp meist mar ien bysûnder evenemint it jier hâlde, neist it doarpsfeest. Yn Dokkum binne dat seis binnen de bolwurken en seis derbûten, jierliks."
Oare oanpak
Dêrom wolle se no graach mei de boargemaster prate. "De oanpak fan in doarp kin oars wêze as fan in stêd. Wy wolle ús doarpsfeesten hâlde. Dy binne minstens sa feilich, sa goed organisearre en sa leuk as de Admiraliteitsdagen. Mar wy wolle dêr ek de frijheid ha. Dokkum hoecht gjin optocht te dwaan, mar wy wolle dat wol graach. Dat heart by ús plattelânskultuer. Dat wolle we behâlde, dus dêr wolle we it mei har oer ha."

"It soe moai wêze as de regels foar doarpsfeesten wat soepeler wêze kinne", seit Soepboer. "Wy steane ek net bûten de regels. We folje ek altyd perfekt de formulieren yn, mar it soe miskien net ferkeard wêze as der op in oare manier mei omgien wurdt as de stêd."
Utnûging stiet
Boargemaster Waanders hat de jeugd fan Nijewier yntusken útnûge foar in petear. "Wy geane derhinne te praten", seit Soepboer.