Alde timmerwurkpleats fan de ûndergong rêden

Mei ynset fan in restauraasjebedriuw en ynwenners is in hiel âlde timmerwurkpleats rêden yn Ferwâlde. De wurkpleats út de 19e iuw is foar it grutste part noch yntakt, mar rekke sa bot fertutearze dat it der net mear feilich wie. Bou- en restauraasjebedriuw Van der Vegt kocht de wurkpleats en brocht it ûnder yn in goede doelen stichting om sa de wurkpleats, ynklusyf it part dêr't yn wenne waard, wer yn oarder te meitsjen.
Alde timmerwurkpleats fan de ûndergong rêden
It sjocht der krekt sa út as yn 1880 © Remco de Vries, Omrop Fryslân
En ek al moat it noch offisjeel iepene wurde; fan 1 juny ôf binne de doarren al wer iepen foar it publyk. It doarp is dêr bliid mei, want it is goed foar de leefberens. De timmerwurkpleats wie yn 2005 foar it lêst iepen as ûnderdiel fan de Aldfaers Erf rûte.
Ald ark yn de wurkpleats © Remco de Vries, Omrop Fryslân