Nij: 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân
Fan dizze moanne ôf set Omrop Fryslân útein mei de 'Wedstriid fan de wike'. Alle wiken stiet op radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby.

Fan nije spits oant waskfrou
Alle wiken op moandeis wurdt bekend makke hokker wedstriid troch de sportredaksje oanwiisd is as 'Wedstriid fan de wike'. Dat sil dy dei oankundige wurde yn it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed, it radioprogramma Weistra op wei en op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Dêrneist sil der de fierdere wike yn dyselde programma's rom omtinken wêze foar de keazen sportwedstriid.
Freeds sil der in reportaazje te sjen wêzen yn Fryslân Hjoed en op de online kanalen fan Omrop Fryslân. Dy reportaazje kin bygelyks gean oer de nije spits fan SC Hearrenfean of oer de waskfrou fan Harkemase Boys.
De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.
De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.
Earste Wedstriid fan de wike
De earste 'Wedstriid fan de wike' is ONS Sneek tsjin de Harkemase Boys. "It is in moaie Fryske derby tusken de twa heechst spyljende amateurklups fan Fryslân", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. "Se binne beide goed fan start gien mei twa oerwinnings yn de earste trije wedstriden, dus it is nijsgjirrich om te sjen wa't fan dy beide klups dy line trochlûke kin."