Kollum: "Stúdzjepuntestress"

"Minister Van Engelshoven fan ûnderwiis pleitet derfoar dat it tal stúdzjepunten dat in earstejiers studint helje moat nei ûnderen ta brocht wurdt. Op basis fan dit minimum tal punten krijt in studint in stúdzjeadvys. Hat er minder as it minimum, dan mei er net nei it twadde jier. En snapst wol, soks smyt stress op. Stúdzjepuntestress. It kin samar in nij wurd yn de Dikke Van Dale wurde.
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
De studint: it liket de meast relaxte minskesoart dy't der is. Oerdeis wat nei kolleezje en jûns gesellich de kroech yn. Mar neat is minder wier. Stress ûnder studinten is oan de oarder fan de dei. Ut ûndersyk fan de Landelijke Studentenvakbond docht bliken dat hast trijekoart fan de studinten oanjout emosjoneel lêst te hawwen fan de hege stúdzjedruk. Ien op de trije hat in ferhege kâns op in burn-out. Ik bin gjin rekkenwûnder, mar dit is echt in hiel soad.
As ik weromtink oan myn eigen stúdzjetiid dan herken ik my hjir hielendal net yn. It wie ien fan de meast relaxte perioaden yn myn libben. Hielendal doe't ik op keamers wenne. Ik koe sa'n bytsje alle dagen útsliepe en tusken it studearjen troch seach ik hiele searjes op DVD. Allinnich krekt foar it ynleverjen fan ferslaggen en de eksamenwiken wie it wat drok, mar echt stresse ha 'k nea dien.
Ik moat der wol by sizze dat ik myn hiele stúdzjetiid net oan it wurk west haw, útsein yn de fakânsjes. Ik hie dus ek folop de tiid om lekker om te hingjen. Hoe oars is dat no. Fanwege de komst fan it saneamde 'leenstelsel' bouwe studinten fuort al in flinke stúdzjeskuld op. Alles wat se liene, moatte se nei it beheljen fan it diploma werombetelje. Dus hoe langer ast deroer dochst, hoe heger dyn stúdzjeskuld. Dat soarget foar de nedige stress.
Mar it giet net allinnich om jild. Fan jier ien ôf wurdt dy oanret om te bouwen oan in goeie CV. Dus kies foar in bybaantsje yn dyn eigen sektor of doch frijwilligerswurk yn it wurkfjild dêr'tst letter yn oan 'e slach wolst. In netwurk opbouwe is tsjintwurdich folle wichtiger as doe't ik studearre. Myn CV bestie út myn namme en ik wie bliid dat ik myn rydbewiis helle hie. Dat wie it. Ja, ik hie frijwilligerswurk dien by de kuorbalklup, mar oft in wurkjouwer dêr no echt fan ûnder de yndruk rekke. Ik tink it net.
En net allinnich dyn CV moat goed wêze, ek dyn Instagram en Facebookpagina moatte der 'gelikt' útsjen. Foto's fan feestjes, festivals en fakânsjes; moast by alles fan de partij wêze. Want alles wurdt dield op social media. Dus hasto gjin hippe foto's fan dyn fakânsje op Ibiza, omdatst achter de kassa stiest by de Appie, dan bist dochs wol in bytsje in sukkel. Wiest net by Pinkpop omdatst leare moast foar dyn hertentamens, dan bist dûbeld sneu.
Mei oare wurden; it giet net iens om dy stúdzjepunten. It is de hiele wrâld dêr omhinne. Alles en elkenien ferwachtet wat fan dy. En dan gjin 90 prosint ynset, mar 110. Altyd krekt wat mear jaan as in oar, dan komst der wol. Dan stekst nammentlik boppe de rest út en dat is dyn doel. Mar altyd 110 prosint jaan, dei yn dei út; dat giet net. Dat hâldst net fol. Dat blykt no dus wol út de sifers fan it ûndersyk fan de Landelijke Studentenvakbond. Dit komt op 'e kop ferkeard.
It plan fan minister Van Engelshoven is op himsels net sa ferkeard. Mar krekt lyk as it nei ûnderen bringen fan it minimum tal stúdzjepunten moat ek alle oare kritearia omleech. It moat net sa wêze dat nei PTSS ek SPS as ôfkoarting fan stúdzjepuntestress yn it medysk hânboek komt. En dat kin it ûnderwiis net allinnich foarkomme."