Bromfytser swierferwûne by ûngelok
Op De Foudering yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren is sneintejûn in bromfytser swier ferwûne rekke. Op it fytspaad gie er troch noch ûnbekende oarsaak ûnderút.

Ambulânses rieden út en ek de traumahely waard ynset. It slachtoffer is úteinlik mei de ambulânse nei it sikehûs fan Ljouwert brocht. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.