Helptsjinsten ride massaal út foar ferwûne fytser yn Snits

Helptsjinsten binne sneon oan it begjin fan de jûn manmachtich útriden fanwege in ynsidint yn in akwadukt by Snits. Foarbygongers hienen dêr in man oantroffen. Neffens de plysje wie er swier ferwûne oan de holle en wie er net by kennis.
Helptsjinsten ride massaal út foar ferwûne fytser yn Snits
De man waard fûn op it fytspaad fan it Houkesleat-akwadukt by Snits. Meardere ambulânses en plysjes wienen útriden en der wie ek in traumahelikopter oproppen.
Update: De plysje meldt snein dat it slachtoffer in 56-jierrige man út Snits is. Der ha har gjin nije tsjûgen meld, mar de plysje tinkt dat de man mei de fyts tsjin de stoeprâne oankommen is en dêrnei lansearre is nei de wand fan it akwadukt. Hy is oerbrocht nei it sikehûs.