LDODK wint earste wedstriid mei 24-19 fan KV Tempo

Kuorbalklup LDODK fan De Gordyk hat de earste wedstriid fan de fjildkompetysje mei 24-19 wûn fan KV Tempo út Alphen aan den Rijn.
© www.orange-pictures.nl
De wedstriid wie de rentree fan Tempo yn de eareklasse. Dat is it heechste kuorbalnivo fan Nederlân. Nije wike spilet LDODK tsjin AW.DTV út Amsterdam.
In difyzje leger spile SCO út Aldeholtpea tsjin Oost-Arnhem. SCO wûn mei romme sifers. It waard 29-16. Mid-Fryslân ferlear út tsjin KCC út Capelle. Dy wedstriid einige yn 22-13.