Boer Olke trout mei tulpekweekster nei ferstjerren freondinne
De Frysk-Teksaanske boer Olke Jongsma sil trouwe. Dat meldt it programma Boer zoekt Vrouw, dêr't er bekend troch wurden is. Hy hat de leafde fûn by Hilda, in Nederlânske frou dy't yn Teksas wennet.

Oan it begjin fan dit jier krige 'Boer Olke' in swiere klap te ferwurkjen. Syn freondinne Karen kaam te ferstjerren. Dêrnei kaam er yn kontakt mei Hilda. "Se hat my kondolearre mei it ferlies fan Karen. Se woe wol in kear in kopke kofje mei my drinke, as ik dêr klear foar wie", seit Olke op de webside fan Boer zoekt Vrouw.
Hilda kaam op in goed momint foar de boer, dy't oarspronklik út Aldhoarne komt. "Nei dit alles mei Karen tocht ik: Harrekrammele, wêrom bin ik no wer allinne? Wêrom moat my dit oerkomme? Ik hie noait tocht dat ik nei Karen sa gau wer ien tsjinkomme soe. Mar ik tink altyd: God hat in plan, en ik tink dat Hy woe dat ik Hilda sa gau moetsje soe."
Lilke bollen
Hilda komt fan in tulpekwekerij, en hat fan hûs út meikrigen hoe't it is om op in grutte buorkerij te wurkjen. "Wat is er nu mooier dan samen met Olke tussen de koeien op het land te lopen en te moeten oppassen voor de boze stieren? Ik vind het geweldig!''

Boer Olke hat Hilda ten houlik frege doe't se yn in hotel yn Dallas ferbleaunen. Nei it diner dronken se tegearre in gleske wyn, bûten, by in fjoer. Hilda sei direkt ja. Se tinke no stadichoan nei oer de brulloft. In troudatum is der noch net, mar as it oan Olke leit, duorret it net lang mear.