Bestjoerder beknypt nei oanriding mei trekker yn Aldeberkeap

By in oanriding yn Aldeberkeap tusken in auto en in trekker mei in jarretank is freedtejûn ien persoan ferwûne rekke. Dy siet nei it ûngelok earst beknypt yn de auto en is letter nei it sikehûs brocht.
© Wiegmink Media
It ûngelok barde op de Wolvegeasterwei. De brânwachten fan De Gordyk en Aldeberkeap gienen nei it plak fan it ûngelok, om it slachtoffer te befrijen.
Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net dúdlik.
De dyk yn de rjochting fan Nijeholtpea wie ôfsletten.