"Slauerhoff leeft: jong en oud lezen zijn gedichten nog altijd"

Yn in folle tsjerke yn Huzum-Doarp yn Ljouwert binne freed trije nije boeken oer Slauerhoff presintearre. It is dit jier presys 120 jier lyn dat de Ljouwerter dichter Jan Slauerhoff (1898-1936) berne waard. Slauerhoff wie dokter, mar skreau ek hûnderten gedichten en sette poëzy fan ferneamde dichters oer.
Slauerhoff boeken presintearre
Ald-Twaddekeamerfoarsitter Gerdi Verbeet nimt boek yn ûntfangst © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

In Memoriam Patris

Slauerhoff skreau in soad gedichten oer it bûtenlân. Syn gedicht 'In Memoriam Patris' spilet him lykwols ôf yn Ljouwert. It giet oer de muoisume relaasje tusken de dichter en syn heit. Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd is dat gedicht oerset nei njoggen talen, wêrûnder it Frysk, Russysk en Sineesk. Ald-twadde Keamerfoarsitter Gerdi Verbeet, dy't ek noch famylje is fan Slauerhoff, naam it earste boek yn ûntfangst. Fierder waarden ek in fernijde biografy oer de Ljouwerter en in sammelwurk mei syn gedichten presintearre.
Tienmaal i Memoriam Patris © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Inisjatyfnimmer Peter de Haan oer 'Tienmaal In Memoriam Patris'

Biografy

Ek in fernijde biografy fan Slauerhoff, skreaun troch biograaf Wim Hazeu, waard freed presintearre. Yn 1995 ferskynde de biografy oer Jan Slauerhoff fan de hân fan Wim Hazeu. "Slauerhoff was een van die helden uit mijn puberteit. Toen ik biograaf werd, stonden Achterberg, Vestdijk, Slauerhoff en Escher hoog op mijn lijstje. En dan heb je al drie mensen die in 1898 in Leeuwarden zijn geboren. Slauerhoff heeft mijn grootste liefde gekregen. Hij heeft enorm veel geproduceerd, ondanks dat hij scheepsarts was op zee, wist hij een enorme hoeveel gedichten en verhalen te schrijven, en ook gedichten te vertalen."
Wim Hazeu (links) mei op de eftergrûn syn boek © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Slauerhoff was echt stapelverliefd op dit meisje.
Wim Hazeu, biograaf Slauerhoff
Ien fan de tafoegingen yn syn biografy oer Slauerhoff is it ferhaal oer de moaie frou Amarenske van der Zee. "Slauerhoff ontmoet haar aan het einde van zijn leven -Slauerhoff is maar 38 jaar geworden- in Heemstede. Zij is verpleegster en hij vraagt haar om mee te gaan naar Tanger." Slauerhoff wol dêr as dokter oan it wurk. "Ze was echt een prachtig Fries meisje. Ik ben er van overtuigd dat hij haar niet alleen uit zakelijk oogpunt meevroeg, maar ook echt stapelverliefd op haar was. Zij mocht alleen niet meer van haar baas."
Al is de biografy fan Slauerhoff no oanfold, dochs bliuwt de fassinaasje foar de Ljouwerter dichter. "Slauerhoff leeft nog. Zijn werk wordt nog steeds vertaald. Hij is een van de weinige dichters van die generatie voor de oorlog die nu nog gelezen wordt, door jong én oud."
Biograaf Wim Hazeu oer Slauerhoff

Mear aktiviteiten om Slauerhoff hinne

Nije wike freed giet de Under de Toerfoarstelling 'Slauerhoff - In Memoriam Patris' fan regisseur Goaitsen Eenling yn premjêre yn de doarpstsjerke fan Huzum. Ek is der oant begjin oktober noch in eksposysje te sjen yn de tsjerke, en kinne minsken in kuiertoer troch Ljouwert dwaan by plakken del dy't in belangrike rol spile hawwe yn it libben fan Slauerhoff.