Plysje siket mei drone nei himpplanten
Op de Dominee ten Catewei yn Hoarnstersweach is de plysje freedtemiddei in ûndersyk begûn omdat der mooglik himpplanten tusken it maisfjild stiene.

De plysje hie dit fia in tip te hearren krigen. Se hawwe in spesjaal droneteam komme litten fanwegen de grutte fan it maisfjild. De drone hat lange tiid boppe de maisfjilden hongen om te ûndersykjen oft der himp tusken it mais stie. De plysje hat neat oantroffen.