Plysje oefenet sykjen nei fermiste persoanen yn it wetter

By de Grutte Wielen yn Ljouwert is de plysje tongersdei dwaande mei in grutte lanlike oefening mei it sykjen fan fermiste persoanen yn it wetter. Oan de oefening fan twa dagen dogge sa'n 70 plysjeminsken mei út Noard- en East-Nederlân. Under oare it dreggen en it sykjen mei sonarapparatuer komt oan de oarder.
Plysje oefenet sykjen nei fermiste persoanen yn it wetter
It giet om de saneamde LTOZ-ienheid. Dat stiet foar 'Landelijk Team Onderwaterzoekingen.' Ien kear yn it jier wurdt der oefene sa lit Jaap Nijgh fan de ienheid witte. De LTOZ komt altyd yn aksje as in fermist persoan al in skoft net te finen is. Se fiere dêrom gjin rêdingsaksjes út. Der waard tongersdei mei ferskate senario's oefene, wêrûnder it hearren fan tsjûgen, mar ek hiel praktyske saken as it yn en út riden fan in boat mei in trailer. Op it wetter waard nei in fermist persoan socht en binne teams mei hûnen ynset.