De Omrop-boekehoek: Wat moatte wy lêze?

Wannear hasto foar it lêst in nij boek lêzen? Justerjûn noch, foar it sliepengean? Of is it alwer in tal moannen, of miskien sels jierren lyn? Boeklêze is goed foar de konsintraasje, je leare mear wurden, it ferbetteret it geheugen en it kin ús nije ynsichten jaan yn deistige saken. Dochs wurdt der benammen ûnder de jongerein hieltyd minder lêzen. Om minsken dochs wer oan it lêzen te krijen siket De Middei fan Fryslân, alle wiken nei de moaiste nije boeken. Dit dogge se yn it ramt fan de 'Read a New Book Month'. De ynternasjonale moanne is opset om minsken oan te trúnjen om wer te lêzen.
© Omrop Fryslân
Minke de Jong fan boekwinkel De Fakkel út Ljouwert tinkt dat in lidmaatskip fan in bibleteek in goeie earste stap is om it lêzen wer op te pakken. Dêr kinne se op in goedkeape wize in grut ferskaat oan boeken besykje. "Minsken hawwe hiel faak it idee dat boeken suffich binne, mar der binne tsjintwurdich safolle aardige boeken. Ek foar minsken dy't net al te folle lêze. Bygelyks romans, dêr is gewoan safolle kar yn!"
Ek it 'gebrek oan tiid' is neffens De Jong net in argumint. It is mear in kwestje fan it goeie momint fine om eefkes in boek derby te pakken. "Ik lês meastentiids op sneintemiddeis, dan haw ik neat te dwaan."
© Omrop Fryslân
'In lêzer libbet tûzen libbens foar't er stjert', sei Jojen. 'De man dy't nea lêst libbet der mar ien.'
George R.R. Martin, A Dance with Dragons

Tips

Wat in moai of goed boek is hat fansels in soad te krijen mei smaak, mar De Jong hat it leafst biografyen as oare boeken dy't de libbensskiednis fan immen fertelle. "Dêr learst in soad fan," sa fynt se. Har favorite skriuwer is lykwols immen dy't fiksje skriuwt: de Súd-Afrikaanske Irma Joubert. De skriuwster wurket benammen oan histoaryske romans, wêrby't 'Het Meisje uit de Trein' de favoryt is fan De Jong. It boek fertelt fan in jong famke dat yn 1943 yn Poalen yn in bosk fûn wurdt troch in jonge fersetsstrider. It famke bliuwt wilens de oarloch by har Poalske rêder, mar ferhuzet nei de striid nei Súd-Afrika. Dêr bloeit se op, mar nachts kin se net ûntkomme oan har donkere oarlochsherinneringen. "It is in boek, dat gewoan tige lekker lêst."
Takom wike tongersdei komt in meiwurker fan de grutte Fryske boekhannel Van der Velde by De Middei fan Fryslân del, om te praten oer de bêste boeken út de hiele wrâld.

Boekeklup

De Middei fan Fryslân wol de kommende wiken alle tongersdeis fan dy witte wat dyn favorite boek is. Is der in boek dêr'tsto in bysûnder oantinken oan hast, bygelyks om't it dy troch in drege tiid holpen hat? Of is der in boek dat sa'n briljante twist hie, datst der noch dagen oer neitocht hast? Of miskien is dyn favorite boek hiel ûnbekend, en wolst it leafst dat elkenien it ek besiket te lêzen. De Middei fan Fryslân wol it graach witte!
Stjoer dyn ferhaal, of dyn boeketips nei dmff@omropfryslan.nl of stjoer in appke fia de app fan Omrop Fryslân. Ferjit net om dyn kontaktgegevens dêrby te setten!