Wurkjouwers transportsektor ha driuwend ferlet fan minsken
Reportaazje banenmerke
Wurkjouwers yn de transportsektor sitte te springen om personiel. It ferlet is no al sa grut, dat se it dreech ha om de planning rûn te krijen. Utstjoerburo's kinne sa tsientallen minsken oan it wurk helpe. De Fryske gemeenten, it UWV en tal fan bedriuwen ha dêrom tongersdei in banemerk organisearre yn Thialf op It Hearrenfean.

In man, begjin 20, strúnt om yn it iisstadion. Earst sjocht er om him hinne en rint dan de tafels ôf mei minsken fan de útstjoerburo's. Oeral dêr't er komt, lit hy syn namme, telefoannûmer en mailadres efter. Yn de hoop op in baan. "Ik wil graag aan het werk als chauffeur. Het is een droom eigenlijk, die ik uit kan laten komen." Dochs is er wat skeptysk oer syn kânsen: "Ik weet het niet hoor. Ze zeggen wel dat er veel banen zijn, maar hier zijn ook veel mensen die er één zoeken."
Dreech
De eangst is net nedich op dizze banemerk. By alle bedriuwen dy't minsken nedich ha, is de wrâld oan fakatueres. Bygelyks by Werff Talent, in útstjoerburo mei as spesjalisaasje transport. Jan de Jong is dêr operasjoneel manager: "Wy kinne fuort inkelde tsientallen minsken pleatse. It giet om minsken foar transport yn Nederlân en ek nei it bûtenlân.
We kinne in soad nij personiel brûke, benammen sjauffeurs en orderpickers.
"It finen fan goede minsken is dreech." Dat hearre je efkes fierderop ek. Dêr stiet griente- en fruitgruthannel Smeding. Sjoerd de Jong: "Ja, it is dreech om goede minsken te finen. Mar dit is in prachtplak om te stean. Yn in koart skoft tiid ha we al fan seker fiif goede kandidaten in cv krigen. We kinne in soad nij personiel brûke, benammen sjauffeurs en orderpickers."
In oare, wat âldere man hat al hast in baan fûn: "Ik bin op proef by in bedriuw. Ik kom hjir no, om te sjen wat der allegearre noch mear is. Ik bin al wat âlder, mar wol gewoan oan it wurk. En dus ha ik myn papieren helle en mei ik no ride."
Drok
Op it parkearterrein foar it iisstadion stean in oantal bedriuwen dy't in demonstraasje jouwe. Dêr stiet ek ferkearsskoalle Tilstra. Tal fan minsken komme lâns, om har yn te skriuwen foar mear ynformaasje oer in oplieding ta sjauffeur. Peter Smit: "We ha it drok, sa drok dat we no wer in nije lesauto oanskaffe. Dan kinne we de fraach better oan."
Wie it in oantal jierren lyn noch sa dat der yn de transportsektor in soad klage waard oer de komst fan bûtenlânske sjauffeurs, no wurdt dúdlik socht nei Nederlanners. Smit: "Der binne in soad minsken nedich foar it ferfier fan alle pakjes fan de webwinkels. Dat is krekt wat spesjalistysker. Net dat der gjin bûtenlanners mear binne, hear, dy sitte foar it grutste part op de ynternasjonale ritten. Mar wurkjouwers kieze no foar kwaliteit tichteby."