Hake beleannet Karim Rossi foar goeie ynfalbeurten
Karim Rossi begjint freed yn de basis by SC Cambuur. De spits, dy't de lêste twa wedstriden ynfoel en dêryn fjouwer goals makke, krijt it fertrouwen fan trainer René Hake foar de wedstriid tsjin RKC Waalwijk.

Tyrone Conraad stiet dêrtroch op it middenfjild. Fierder twivelet de coach noch tusken Justin Mathieu en Robin Maulun. Beide spilers binne net folslein fit. Hake bringt fierder gjin wizigings oan foar de wedstriid tsjin RKC. Dy ploech hat seis punten helle út de earste trije wedstriden, Cambuur sân punten. "Het is een prima ploeg", sa seit Hake. "Alle drie de wedstrijden hadden ze verdiend te winnen. Het team lijkt er beter voor te staan dan vorig jaar."
Trainer René Hake
De trainer kin yn elts gefal net beskikke oer Andrejs Ciganiks, dy't op paad is mei Letlân ûnder de 21 jier. De blessearre Matthew Steenvoorden hat dizze wike noch net mei de groep meitraind en ûntbrekt tsjin RKC. Daan Boerlage is wer op de weromwei nei syn blessuere, mar hy sit freed noch net by de seleksje. Dêr stiet tsjinoer dat Nigel Robertha weromkomt yn de seleksje. Hy miste de ôfrûne wiken troch in blessuere.
Nigel Robertha
De wedstriid tsjin RKC Waalwijk stiet yn it ramt fan Martijn Barto. It Cambuurpublyk nimt freed ôfskied fan de spits, dy't yn totaal sân seizoenen yn it giel-blau spile.