Sportklups stride om duorsumenstitel
Sportklups kinne meidwaan oan de striid om de titel 'Meast duorsume sportklup fan Nederlân'. Yn Fryslân hawwe har al ferskate klups oanmeld. Ien dêrfan is fuotbalklup Blau Wyt '34 út Ljouwert.

De 15 winnende klups krije takom jier help by it op 'e nij brûken fan plestik flessen. Se krije spesjale bakken om plestik flessen yn te sammeljen. Dy wurde ferwurke ta nije eksimplaren. Ek krije de klups tûzen euro om ideeën te betinken om noch duorsumer te wurden. Wa't meidwaan wol, moat oanjaan wat der al dien wurdt oan duorsumens en hoe't de klup de tûzen euro brûke wol om noch duorsumer te wurden. Sportklups kinne har oant 15 novimber oanmelde.