Sjoerd Feitsma: "Festivalbelied foar tsien jier fêstlizze"
Ljouwert wol it festivalbelied yn de Griene Stjer foar de komende tsien jier fêstlizze. Mei in wiziging fan it bestimmingsplan moat it makliker wurde om in festival te organisearjen. Dat sei kultuerwethâlder Sjoerd Feitsma yn It Polytburo op Omrop Fryslân Telefyzje.
De gemeente wurdt alle jierren konfrontearre mei beswieren tsjin de festivals, dy't geregeld ta rjochtsaken liede. De Griene Stjer krijt nei de wiziging fan it bestimmingsplan ek in evenemintebestimming. Polityk hat Feitsma de measte partijen yn de gemeenteried wol mei.
Sjoerd Feitsma yn It Polytburo
De ôfrûne jierren waard de gemeente hieltyd opnij konfrontearre mei beswiermakkers, dy't klagen oer lûdsoerlêst en oare oerlêst fan de festivals. Dêrom fynt de gemeente in wiziging fan it bestimmingsplan winsklik.