Selstraf foar oplichting âldere frou

De eigener fan in pizzeria yn Zwolle hat acht wiken sel krigen, omdat er holpen hat in frou út Ljouwert op te lichten. De frou liet in pear bûtenlânske boufakkers it siertuorke op har hûs opknappe. De manlju kamen hieltyd wer mei it ferhaal dat se mankeminten tsjinkamen dy't oanpakt wurde moasten. De frou betelle harren úteinlik mear as 40.000 euro.
Rjochter © Shutterstock.com
De boufakkers hiene de man út Zwolle frege oft se syn bankrekken brûke mochten. Dêr stoarte it slachtoffer út Ljouwert in pear kear it jild op. De fertochte naam dat hieltiten op en betelle it kontant oan de boufakkers.
De man út Zwolle seit dat er net yn de gaten hie dat it spul net yn doogde. Hy fynt dat er sels ek slachtoffer is fan oplichting. De rjochter gie dêr net yn mei. De man krige in selstraf en moat it slachtoffer goed 40.000 euro werombetelje.
De boufakkers binne poater.