Fergunning foar ûndernimmer Strobos beëiniget slepende saak noch net
Sân jier nei it earste fersyk foar in fergunning om te ferhûzjen krijt leanbedriuw Plantinga tastimming, mar de takomstich buorman lit it der net by sitte. Hy wol dat dy fergunning ferneatige wurdt. De saak sleept him al troch sûnt 2011. Doe die eigener Piet de Vries in fersyk by de gemeente om te ferhûzjen fan Gerkeskleaster nei in nije lokaasje oan it Hoendjip yn Strobos.

Sûnt 2011 is der in soad praat mei buertbewenners, provinsje en gemeente, mar in fergunning kaam der doe net. Ferline jier joech de Ried fan Steat de opdracht oan de gemeente Achtkarspelen om op te sjitten mei in fergunning.
Yntusken is de fergunning ferliend, mar no freget de takomstige buorman by de Ried fan Steat dat dizze wer ferneatige wurdt.
"Past net yn iepen lânskip"
De buorman fynt de loads fan trettjintûzen kante meter te grut en net passen yn it iepen lânskip. Hy is ek benaud dat der gau in útwreiding komt. Eigener Piet de Vries fan it leanbedriuw seit dat dêr gjin sprake fan is. Hy wol in grutte loads om syn materieel binnen sette te kinnen. Op de lokaasje dêr't er no sit is dy romte der net.
Wy sette no troch, it hat al safolle koste.
De soan fan Piet de Vries sit no ek yn de saak en dat is ek in motivaasje om de ferhûsplannen net op te jaan. "We sette no troch", seit De Vries senior. "It hat al safolle koste."
Dy kosten komme, seit De Vries, benammen troch de prosedueren. De boukosten binne no folle heger en de advokaatkosten rinne ek op. "Mei hûnderttûzen euro binne wy der net."
De Ried fan Steat docht oer seis wiken útspraak oer de saak.