Iepenloftspul Jorwert: de premjêre fan De famylje Bellier

Hear de stoarm yn dyn hert, gean mei, flean mei
yn de stoarm dy't der raast
de wyn dy't der waait
en ferset dy mar net tsjin al it ferlet,
want de tiid sil it tij wol keare...
De premjêre fan De famylje Bellier
Nee, Famke Bellier is net jaloersk op de wyn. Mar se soe wol in kear mei har ruilje wolle om sa har gedachten meifiere litte te kinnen.
It muzikale iepenloftspul De famylje Bellier giet oer Famke har wrakseling tusken sa frij wêze wolle as de wyn en de soarch foar har dôve âlden en broerke.
Sil Famke har dream om sjongeres te wurden fleane litte of waait se mei de wyn mei?