Hieltyd mear smookfrije sportklups yn Fryslân

It tal smookfrije bûtensportferieningen yn Fryslân is it ôfrûne jier bot tanaam. Dat meldt de Hartstichting. Der binne no fjirtich klups yn ús provinsje dy't folslein of foar in part smookfrij binne. Yn 2017 lei dat oantal noch op trettjin. Op dizze wize drage hieltyd mear Fryske klups by oan it inisjatyf Rookvrije Generatie fan de Hartstichting, KWF Kankerbestrijding en it Longfonds.
Stopje mei smoke © Shutterstock.com
Lanlik sjoen binne der mear as 550 bûtensportferieningen smookfrij. Dat is ek in flinke groei, want ferline jier wiene it goed 150 klups. De taname komt neffens de Hartstichting mei troch de stipe fan fiif grutte sportbûnen, wêrûnder it KNVB en de Atletiekunie. Fan de 550 smookfrije ferieningen binne 450 lid fan dizze sportbûnen.

Minder normaal

Direkteur Floris Italianer fan de Hartstichting is wiis mei de resultaten. "Roken wordt steeds minder als normaal gezien, en dan vooral in de buurt van kinderen. Door sport in Nederland rookvrij te maken wordt de sportclub, een belangrijke plek in het leven van opgroeiende kinderen, een écht gezonde omgeving."

Grut draachflak

Neffens ûndersyk fan KWF Kankerbestrijding is it maatskiplik draachflak foar smookfrij sporten grut. Acht op de tsien Nederlanners wolle dat sportterreinen dêr't bern komme smookfrij binne, sa stiet yn it ûndersyk fan maaie 2018.