Plysje pakt opnij yn Drachten ynbrekker út Grinslân op
In 20-jierrige ynbrekker út Ter Apel is freedtemoarn betiid yn Drachten oanholden. De man besocht mei in twadde persoan yn te brekken yn in wenning oan it Skuttersfjild. De plysje hold ien fan de mannen oan.

In buorfrou seach it duo oer it balkon klimmen en warskôge de plysje. De man hie stellen guod by him en sit no fêst foar fierder ûndersyk.
De twadde ynbrekker wist te ûntkommen. De plysje hat de fytsen dêr't beide manlju mei nei Drachten kaam wiene, yn beslach naam.
Twadde oanhâlding
Yn de nacht fan woansdei op tongersdei waard der ek al in 21-jierrige ynbrekker út Ter Apel yn Drachten oanholden. De man hie in auto iepenbrutsen en besocht yn te brekken yn in wenning oan de Boargemaster Wuitewei.