Drûchte kostet gemeente Ljouwert jild

Gemeentlike meiwurkers yn Ljouwert hawwe in soad ekstra oeren draaid om de gefolgen fan de drûchte te beheinen. Moarns ier en betiid gongen se op 'en paad om beammen en planten ekstra wetter te jaan en om it wetter fan fivers te ferfarskjen. Foaral beammen dy't noch mar koartlyn plante binne, hiene ferlet fan it ekstra wetter. Ek de moaie blombakken yn de stêd fregen om ekstra ynset.
Bosk © Shutterstock.com
Ferslachjouwer Remco de Vries socht it haad drûchtebestriding op
Oan dat alles hinget wol in priiskaartsje. Projektlieder Freek Wijning tinkt dat it tusken de 50.000 en 100.000 euro oan ekstra kosten opsmiten hat. Hoefolle skea oft it grien yn de stêd oprûn hat, falt noch net rjocht te sizzen. Dat wurdt pas nei de winter yn de maitiid dúdlik. As der dan gjin blêd oan in beam hinget, is it wol dúdlik.