Jonge seebear yn Aquazoo samar ynienen dea, fersoargers ferslein

Seebearjong Chica is woansdeitemoarn dea oantroffen yn syn ferbliuw yn Aquazoo by Ljouwert. Wat de deadsoarsaak is, is noch net bekend. It jong kaam yn jannewaris mei de memmeseebear oan yn Ljouwert, wêrnei't it ferstjitten waard troch de mem. Doe hawwe de bistefersoargers it jong sels opwoutere. Op 6 augustus waard Chica by de oare seebearen set.
Chica, de seebearpup © Aquazoo
It like hielendal goed te gean mei it jong en de oare seebearen, mar woansdeitemoarn wie Chica samar ynienen dea. De bistetún woe net reagearje, om't de fersoargers noch te bot oandien binne.
Seebearjong leit dea yn bisteferbliuw Aquazoo