"Mbû'er fan de takomst wurket oan in bettere maatskippij"

Iepening Stuudzjejier
Ynspirearje en ferdjipje. Dat is it doel fan de iepening fan it stúdzjejier fan it middelber beropsûnderwiis by it Friesland College yn Ljouwert. Sa'n sânhûndert meiwurkers en in hantsjefol studinten wie tongersdei oanwêzich by de iepening mei ûnder oaren Diederik Samsom as ien fan de ynspirearjende sprekkers.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
De gearkomste stie yn it ljocht fan de milenniumdoelen fan de Feriene Naasjes. Hiel logysk, fine se by it Friesland College, want de nije ljochting studinten bestiet út millennials en dy steane dochs faak wat oars yn it libben. Net allinnich jild fertsjinje is belangryk, de fakminsken fan de takomst wolle ek in bydrage leverje oan in bettere maatskippij, hopet foarsitter Carlo Segers fan it kolleezje fan bestjoer fan it Friesland College.

Mei keninklike belangstelling, earder dizze wike, is it imago fan it mbû in stik better wurden. Dochs komt der in nije bedriging op it mbû ôf. Minister Van Engelshoven fan Underwiis is fan doel om de subsydzje op it praktyklearen ôf te skaffen.
De start fan it stúdzjejier yn de sporthal fan it Friesland College © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Beharkje ús bydrage oer de iepening fan it stúdzjejier
It giet om subsdyzje foar dy learlingen - faak nivo 2 learlingen - dy't der foar kieze om fjouwer dagen yn 'e wike te wurkjen en ien dei nei skoalle gean. Dy learlingen wurkje no faak by in mkb-bedriuw. Dy bedriuwen kinne dat ekonomysk allinnich mar dwaan tanksij de subsydzje praktyklearen, want om dizze studinten op te lieden en ek noch folslein út te beteljen kin foar dy bedriuwen net út.
Wij willen blijven investeren in deze categorie leerlingen.
Carlo Segers, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan it Friesland College
VNO/NCW warskôget de polityk dêrom foar it risiko dat mkb-bedriuwen ôfheakje sille as de subsydzjeregeling skrast wurdt. It Friesland College fynt dit in soarchlike ûntwikkeling, want no is it bytiden ek al dreech om wurkplakken te regeljen foar learlingen dy't meidwaan wolle oan it praktyklearen. Segers hopet dan ek dat de oankundige maatregel net yn dizze foarm trochgiet. "Wij willen blijven investeren in deze categorie leerlingen."

Workshops

It Friesland College sil de kommende tiid oan de slach mei it nije belied foar de kommende jierren. It is de bedoeling om de milenniumdoelen fan de Feriene Naasjes hjir safolle mooglik yn mei te nimmen. Oer de fraach hoe't dat krekt moat, waarden tongersdei workshops hâlden mei in grut ferskaat oan tema's.