Provinsjale polityk tinkt nei oer leefberens doarpen

Yn en om it provinsjehûs yn Ljouwert wurdt der dizze wiken neitocht oer de leefberens fan de Fryske doarpen. Deputearre Steaten hawwe in foarset jûn wêryn't der in tal feroarings oankomme.
doarp Reduzum © Omrop Fryslân
Doarpswurk hat woansdei in bus fol steateleden mei op reis naam by in tal fan leefberensinisjativen del. De troch de provinsje subsidiearre ynstelling stipet frijwilligers yn doarpen dy't bygelyks mei in doarpshûs besykje wat oan dy leefberens te dwaan.
Hielendal sûnder stipe giet dat net, seit de organisaasje. Mar oft Doarpswurk dat dwaan moat, is net wis. Net by de polityk, mar ek net by Doarpswurk sels. Neffens direkteur Jan Hendrik Jansen fan Doarpswurk is it bestean bliuwen fan harren stipe sels wichtiger as it fuortbestean fan Doarpswurk.
Harkje nei de bydrage