Dit jier binne der mear wespen as ferline jier
Der binne dit jier mear wespen as ferline jier. Dat seit Gedi Kerkstra fan Multi Reinigings Service út Aldwâld. It bedriuw hat der dagen by dat se wol fyftjin nêsten opromje.
Dit jier binne der mear wespen as ferline jier
It opromjen fan in nêst is in kwestje fan sekonden. As it nêst fûn is, wurdt der in stof yn spuite dy't der foar soarget dat de wespepopulaasje rap ôfmakke wurdt.
Oarsaak
De waarme maatiid is de grutste oarsaak fan it grutte tal wespen. Augustus en septimber binne de moannen dat minsken in protte hinder hawwe fan ealjebijen. Dat komt omdat der yn de wespenêsten om dizze tiid hinne minder larven sitte. Larven beleanje wespen foar it foer dat sy binnen bringe. Sy skiede dan in swiet stofke ôf.
No't der minder larven yn de nêsten sitte, sykje de wespen harren 'beleanning' by de swietichheden yn de buert fan minsken. No't der mear wespen as ferline jier binne, binne der ek mear klachten oer de oerlêst dy't minsken fan wespen ûnderfine.
Gedi Kerkstra fan Multi Reinigings Service