Byldbepalende Amerikaanske ikebeammen Nijeholtpea kappe
De Tsjerkewei yn Nijeholtpea krijt in nije beammeleane. De 43 beammen dy't no lâns de dyk steane, benammen Amerikaanske ikebeammen, binne der min oan ta en wurde yn it neijier kappe. Der komme wol nije beammen foar yn it plak.

De 43 beammen dy't kappe wurde, binne likernôch 80 jier âld. Se kinne lykwols net oerlibje op it plak dêr't se stean. "Het is natuurlijk jammer dat het beeldbepalende effect van de grote eikenbomen niet in een paar jaar terug is", seit wethâlder Mariska Rikkers fan de gemeente Weststellingwerf.
"Daarom planten we iets dikkere bomen terug dan gebruikelijk", fertelt Rikkers. De ynwenners fan Nijeholtpea ha meitocht oer de oanplant fan nije beammen. "Op hun verzoek komen er sierperen en veldesdoorns", meldt de gemeente.
De nije beammen passe neffens de gemeente yn it lânskiplike byld fan it doarp. De stamdikte is 20 oant 25 sintimeter. "Deze soorten sluiten aan bij de bomen aan de Kerkdreef in het dorp."
Mei it oanplantsjen fan de nije beammen wurde bûten de beboude kom ek krûdemingsels siedde. Dat moat yn de maitiid blomrike bermen opsmite.