Smellingerlân pakt gefaarlik krúspunt Drachten oan

Ast yn Drachten wennest of der wolris komst, dan kenst it grif: it krúspunt fan De Kaden mei de Dwersfeart en de Raai.
Smellingerlân pakt gefaarlik krúspunt Drachten oan
En dan witst ek dat it it in gefaarlik krúspunt is, dêr't geregeld ûngelokken binne. Want der komme nochal wat ferkearsstreamen byelkoar en dat is in resept foar problemen.
It is net foar neat dat it wol ien fan de gefaarlikste krúspunten fan Nederlân neamd is. Dêrom lit de gemeente Smellingerlân it no oanpakke. Der komt in rotonde.
Harkje nei de bydrage fan ferslachjouwer Bauke Deelstra
© Bauke Deelstra, Omrop Fryslân