Skoanmem Tjeerd van Seggeren foarearst frijlitten, mar noch wol fertochte
De 55-jierrige skoanmem fan de yn 2017 ombrochte Tjeerd van Seggeren is foarearst frijlitten. Dat hat it Iepenbier Ministearje niiskrekt bekend makke.

De frou wurdt noch wol fertocht fan belutsenheid by de dea fan har skoansoan, mar neffens it Iepenbier Ministearje is der net genôch reden om har noch fêst te hâlden.
'Drukmiddel'
De Dútse frou waard ferline wike woansdei oppakt yn Ljouwert, in oere foardat de rjochtbank him bûgde oer de saak. Neffens de advokaat fan de dochter wie dat bedoeld as 'drukmiddel' foar syn kliïnt. Hy sjocht har frijlitting as in befêstiging fan dat fermoeden.
Tjeerd van Seggeren waard yn july 2017 dea fûn yn in greide by De Westereen. Earst waard tocht dat er mooglik troch in oanriding om it libben kaam wie, mar it die úteinlik bliken dat dit net it gefal wie.
Tiete Sijens praat mei advokaat John Peters