Frou ferwûne by kop-sturtbotsing yn Snits
By in kop-sturtbotsing yn Snits is tiisdeitemoarn in persoan ferwûne rekke. Twa auto's botsten op de Wolkammerstrjitte op inoar.

De bestjoerster fan de foarste auto rekke ferwûne en is nei it sikehûs brocht. De hûn fan it slachtoffer, dy't by har yn de auto siet, gie ek mei yn de ambulânse. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe.