Berneboartersparadys yn Snits is sukses
Yn it Model Spoor Museum yn Snits is dit jier wer in 'kinderspeelparadijs' ynrjochte. In sukses, want der hawwe al sa'n 2800 bern yn dit paradys west. It boartersparadys is yn de fakânsjewiken iepen en belibbet syn lêste wike fan dit seizoen.

Op lange tafels stean mear as hûndert houten treinen, wagons en brêgen om mei te boartsjen. Ek binne der boukisten, dêr't benammen de wat âldere jeugd mei oan de slach kin. Nettsjinsteande it waarme waar yn de ôfrûne wiken is de organisaasje hiel tefreden oer it tal besikers. It berneboartersparadys is noch iepen oant 2 septimber.