Foppe de Haan jout unike items yn feiling foar Foppe Fonds
Foppe de Haan jout in tal stikken út syn eigen kolleksje om te feilen foar it Foppe Fonds. It guod is te besjen op de feilingsite Catawiki.

By de stikken sit ûnder oare it trainingsjack fan Foppe de Haan út syn tiid by Ajax Cape Town, persoanlik krigen shirts fan spilers as George Nyiko Malulek en Arkadiusz Radomski. Oare saken binne it bywenjen fan earedifyzje-fuotbalwedstriden en dielname oan it jierlikse Foppe Open golfevenemint. De folsleine opbringst fan de feiling is foar it Foppe Fonds.
"De veiling heeft een grote diversiteit aan unieke items, zoals bijvoorbeeld de officiële team polo van Tuvalu, waar Foppe de Haan in de zomer van 2011 vier weken bondscoach was. Hij heeft als bondscoach de meeste wedstrijden van Tuvalu gecoacht, namelijk 6 wedstrijden. Maar ook het trainingspak van Foppe de Haan, inclusief de initialen FdH, gedragen als coach in zijn laatste jaar bij Heerenveen is een eyecatcher van de veiling," seit Lars van den Heuvel fan Catawiki.
Foppe Fonds
It Foppe Fonds set him yn foar bern foar wa't sporte of boartsje net fanselssprekkend is fanwege in beheining. Troch te sporten of te boartsjen krije bern enerzjy.