Natuerbrannen op Skiermûntseach oanstutsen

De grutte natuerbrannen op Skiermûntseach ein july binne oanstutsen. Ut ûndersyk troch de plysje docht bliken dat sprake is fan brânstichting.
© srfotografie
Der binne gjin spoaren fûn dy't der op wize dat de trije brannen spontaan ûntstien binne. Der is gjin fertochte yn byld. Tsjûgen wurde dêrom noch hieltyd oproppen om harren te melden.
Der waard fuortendaliks al tocht oan brânstichting, om't der trije brânkearnen wiene. Troch de drûchte koe it fjoer gau om him hinne gripe. De brânwacht wie manmachtich aktyf om it fjoer te blussen.