Fryske flagge foar winner Nyck de Vries op sirkwy Spa-Francorchamps
Formule 2-koereur Nyck de Vries kin snein op Fryske stipe rekkenje by syn twadde race op it Spa-Francorchamps sirkwy yn België. Fans hawwe in Fryske flagge ophongen oan in stek fan it sirkwy foar de 23-jierrige koereur út Twellingea. Hy pakte sneon soeverein de winst yn de haadrace.

De Vries hopet snein nei de sprintrace opnij op it poadium te stean op syn 'thúsbaan' yn België. Hy start fan it achtste plak.
