Van Nunen lit Friezen hakken sjen by Snits-Boalsert-Snits
Hurdrinner Bart van Nunen hat sneon de klassiker Snits-Boalsert-Snits op syn namme skreaun. De atleet út Arnhem wûn de tweintich kilometer lange hurdrinwedstriid yn in tiid fan 1.02.18. It wie de rapste tiid ea.

Hast acht minuten neidat Van Nunen oer de streek yn Snits kaam, finishte Hagos Berhane út Burgum. Berhane sette in tiid del fan 1.10.10. Dat wie krekt flugger as Willem de Boer. De atleet út Eksmoarre kompletearre it poadium mei in tiid fan 1.10.29.
Froulju
By de froulju gie de winst nei Jessica Oosterloo út Appelskea. Mei in tiid fan 1.16.51 wist sy Hinke Schokker út Eastermar efter har te hâlden (1.19.25). Oosterloo en Schokker wiene fierwei de rapste froulju fan it peloton. Nûmer trije Jikke van der Berg út Nij Beets kaam mei in tiid fan 1.31.26 oer de streek.