Wer in simmer sûnder patat en iis by de Spoekeplas
Patat en iis wie ek dizze simmer net te krijen by it rekreaasjegebiet de Spoekeplas by Noardwâlde. De kiosk, dy't jierren as yttintsje brûkt waard, wol mar net ferhierd wurde.

Steatsboskbehear, eigener fan de kiosk, hie graach in útbater hân dy't ek wat lúksere saken ferkeapje soe, mar it is net slagge. Se wolle besykje it foar takom jier wol wer foarinoar te krijen, want der komme dochs wol klachten fan minsken dy't graach in flaubyt helje wolle.
Kiosk Spoekeplas
Steatsboskbehear hat op oare plakken yn de provinsje ek in pear lokaasjes ferhierd dêr't hoareka yn sit. By de Spoekeplas is dat lykwols dreger. Der hawwe wol gadingmakkers west, mar dy heakken dochs wer ôf.
De Spoekeplas is by moai waar in populêr rekreaasjeplak. In soad minsken fine it sûnder in gelegenheid om wat te iten of te drinken 'deads', fertelt boskwachter Roel Vriesema. Nei ferskate kearen besykjen om it op de gewoane wize te ferhieren, sil Steatsboskbehear no nei oare mooglikheden sjen.
Boskwachter Roel Vriesema oer de kiosk by de Spoekeplas by Noardwâlde
Ien fan de mooglikheden dy't no mei de gemeente besprutsen wurde sil, is om te wurkjen mei minsken dy't in ôfstân ta de arbeidsmerk hawwe. Dat is noch wol in hiel proses, om't hieltyd minder minsken mei in beheining yn oanmerking komme foar dit soarte arbeidsplakken. Dochs wol ek de gemeente Weststellingwerf tegearre mei Steatsboskbehear sjen nei dizze mooglikheid. Kommende moanne wurdt dêroer praat.
As it net slagget om in oplossing te finen, wurdt wer sjoen nei wat dan noch kin om dochs in ytgelegenheid te krijen. Dan wurdt it wol dreger.
Yn it gebouke by de Spoekeplas sitte ek dûsen en toiletten. Dy bliuwe yn alle gefallen tagonklik. It gebou giet net plat, seit boskwachter Vriesema.