IFKS-wedstriid by De Lemmer giet fanwege hurde wyn net troch
De IFKS-wedstriid by De Lemmer dy't freedtemiddei syld wurde soe, giet fanwege te hurde wyn net troch. De organisaasje hope dat de wyn yn de rin fan de middei lizzen gean soe, mar dat barde net, wêrtroch't de skûtsjes yn de A-klasse oan de kant bleaune.

De organisaasje hopet dat der sneon wol by De Lemmer syld wurde kin.