Wetterskip docht ûndersyk nei fiskstân yn Fryske wetters

Wetterskip Fryslân begjint dizze wike mei in ûndersyk nei de fiskstân yn in grut part fan de Fryske wetters. It wetterskip sjocht nei oantallen, soarten, gewicht en kondysje fan de fisken, mar ek nei wetterkwaliteit, wetterplanten, de algen en lytsere wetterbisten.
fisk © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Oan de hân fan alle mjittingen kin it wetterskip sjen hoe't de ekologyske tastân is fan it Fryske wetter. En kin ek besjoen wurde hoe't de kwaliteit ferbettere wurde kin.
Wetterskip Fryslân lit de fiskstân om de trije jier ûndersykje. Dit jier binne it sa'n fyftjin wetters, ûnder oare de Burgumermar, de Grutte Wielen, de Dokkumer Ie en de Tsjonger.