Skylger berger krijt tonnen boete foar stellerij út skipswrak
It Skylger bergingsbedriuw Friendship Offshore hat fan de Ingelske rjochtbank in boete fan hast 320.000 dollar (hast 280.000 euro) oplein krigen foar it stellen fan koper en stiel út it skipswrak fan it Britske SS Harrovian.

Gjin lisinsje
It Britske skip waard yn de Earste Wrâldoarloch ta sinken brocht troch in Dútske ûnderseeboat. It leit sûnt dy tiid yn de Keltyske see. It bergingsbedriuw hie neffens de rjochter gjin lisinsje om guod út it skip te heljen.
Op 'e die trapearre
De bemanning waard yn augustus 2016 op 'e die trappearre troch de Britske marine. Se waarden oanhâlden en it skip waard nei Ingelân brocht. De wearde fan it guod dat se nei boppen helle hiene wie sa'n 115.000 dollar (hast 100.000 euro).
Net de earste kear
It Britske regear hannelet strang tsjin minsken dy't oarlochsgrêven op see skeine. Friendship Offshore waard twa jier lyn ek al beskuldige fan stellerij fan it yn 1916 sonken slachskip Queen Mary.