Grinzer sikehûs UMCG is wiis mei it jild fan Maarten syn swimtocht
De alvestêdeswimtocht fan Maarten van der Weijden hat oant no ta mear as 3,5 miljoen euro opsmiten. Dat makke Van der Weijden tiisdeitejûn sels bekend yn it telefyzjeprogramma Laat op één. By de huldiging moandeitejûn yn Ljouwert waard bekend dat 2,5 miljoen euro ophelle wie.
Yntusken is ek dúdlik hokker ûndersiken in part fan dat jild krije. De ôfdieling fan it UMCG yn Grins dy't ûndersyk docht nei akute leukemy is dêr ien fan. Van der Weijden sels waard ek behannele foar akute leukemy.
UMCG Maarten
Dat jild is hurd nedich omdat de universiteiten en ek de oerheid mar foar 10 á 20 prosint de ûndersiken finansearret. De rest moat bymekoar helle wurde troch fûnsen, sponsoring en aksjes. Hoefolle jild oft der foar it ûndersyk nei Grins komt, is net dúdlik, mar wiis binne se der seker mei. As der gjin jild binnenkomt, kin der net goed ûndersyk dien wurde en dus pasjinten net better holpen wurde.

Yn it laboratoarium fan it universitêre sikehûs yn Grins wurdt spesifyk ûndersyk dien nei de goede en de minne bloedsellen. Dat ferget in soad tiid, mar stadichoan komme se wol fierder.
Jan Jacob Schuringa hat moandeitejûn op it Aldehoustertsjerkhôf sels koart wat ferteld oer it ûndersyk, mar fynt dat dat folle mear dien wurde moat. Der is te min omtinken foar, fynt de professor.
Professor Jan Jacob Schuringa oer it ûndersyk
De aksje fan Maarten is dêrom ek fan grut belang fynt hy. Net allinnich hat de swimmer der foar soarge dat der in pear miljoen op it kleed kaam is, mar ek hat hy derfoar soarge dat ûndersyk nei kanker wer ûnder de oandacht komt. De belibbing is dêr folle grutter fan wurden en dat is neffens Schuringa fan hast noch gruttere wearde as it jild. De minsken prate der wer oer. Elkenien ken wol ien dy't siik wurden is fan kanker en no is it besef der mear dat benammen troch ûndersyk de sykte bestriden wurde kin.

Er staat geen maat op de actie van Maarten, zijn grenzen gaan wel heel ver
Jan Jacob Schuringa is sels bot ûnder de yndruk fan de grutte prestaasje fan Maarten. 163 Kilometer swimme yn 55 oeren is fier bûten alle grinzen fynt de professor. Hy fynt it geweldich dat Van der Weijden him sa ynset foar it ûndersyk.