Minder minsken mei útkearing yn gemeente De Fryske Marren

It tal minsken dat in bystânsútkearing krijt yn De Fryske Marren, is yn oardel jier tiid sakke fan 1000 nei 825. Dat komt foar de iene helte troch it oanlûken fan de ekonomy, mar foar de oare helte troch nij belied by de gemeente, sa seit de gemeente sels.
© Shutterstock.com
Wethâlder Janny Schouwerwou fan De Fryske Marren
Yn oktober 2017 is De Fryske Marren úteinset mei de wurkwize 'Scherp aan de Poort'. Dêrmei wol de gemeente berikke dat minsken allinnich in útkearing krije as sy dêr echt rjocht op hawwe. Fierder krije wurkleazen help by it oplossen fan skulden en sosjale problemen. As der net gau in baan te finen is, wurdt der frijwilligerswurk socht, sadat minsken net hieltyd thús sitte.