Nije fertochte oanhâlden yn saak-Van Seggeren

Der is in nije fertochte oanhâlden yn de saak Van Seggeren. It giet om de mem fan de widdo fan Van Seggeren. De widdo sels sit sûnt desimber fêst op fertinking fan belutsenheid by de dea fan har man. Dit waard niiskrekt bekendmakke troch it Iepenbier Ministearje op de pro-forma saak. Der is woansdei besletten dat de fertochte langer fêstsitten bliuwt.
© De Vries Media
De skoanmem (55 jier) fan Van Seggeren komt út Dútslân en is woansdeitemiddei oanhâlden yn Ljouwert, dat wie in oere foardat de pro-formasitting. De frou sil troch de plysje heard wurde. Wêr't se fan fertocht wurdt, is net bekend makke. Se is oanhâlden op basis fan mooglike telefoanpetearen mei har dochter. Der is net sein dat se mei har dochter fertocht wurdt.
Op de sitting melde offisier fan justysje Henk Mous dat de frou oanhâlden wie. Dat kaam foar de advokaat fan de fertochte as in ferrassing. Op de sitting kaam ek de fertochte sels oan it wurd. Se sit fêst yn de PI yn Zwolle en har trije bern binne by de famylje fan Tjeerd van Seggeren.
Brian de Pree, advokaat fan de fertochte
Tjeerd van Seggeren waard yn july 2017 dea fûn yn in greide by De Westereen. Earst waard tocht dat er mooglik troch in oanriding om it libben kaam wie, mar it die úteinlik bliken dat dit net it gefal wie.
It Iepenbier Ministearje is der altyd fanút gien dat der meardere minsken belutsen wiene by de dea fan Van Seggeren. It is noch net dúdlik wêr't de skoanmem fan Van Seggeren krekt fan fertocht wurdt.