LIVE: It IFKS Skûtsjesilen by Ychtenbrêge
It is tiid foar de ynhelwedstriid fan de Grutte A yn it IFKS skûtsjesilen by Ychtenbrêge. De wedstriid fan ôfrûne snein by Starum koe troch hurde wyn net trochgean, en moat no ynhelle wurde. Sil Arend Wisse de Boer mei syn skûtsje Drie Gebroeders opnij nei de winst sile? Of wurdt it hjoed inoar? Folgje it live!