Liveblog | 22 augustus 2018

LIVEBLOG: de Frouljus PC yn Weidum

Foar de froulju stiet woansdei de wichtichste partij fan it jier op it programma: de 42ste Frouljus PC. Bliuw hjir op de hichte fan it lêste nijs.
Lêst bywurke: 9 augustus 2020, 18:15
18:00

Ein fan it liveblog

Oant safier dizze liveblog. Sjoch jûn op ús webside en yn de Omrop-app foar de bekendmakking fan de Keninginne, reaksjes en mear. Ek op TV yn Fryslân Hjoed is der in reportaazje te sjen fan de Frouljus PC.
17:58

Tuinenga, Wijnja en Scheepstra pakke de winst

Mei 5-2, 6-4 wint partoer Tuinenga de 42ste Frouljus PC fan partoer Monfils.
17:51

Trio Monfils fjochtet werom

De 5-2 ferskynt op de telegraaf.
17:46

5-1 foar partoer Tuinenga

De boerdsjes fleane je om de earen: it is ûndertusken 4-1 wurden foar Tuinenga, Wijnja en Scheepstra. Efkes letter soarget in boppeslach fan Manon Scheepstra foar 5-1.
17:39

Tuinenga op foarsprong

Al rap wurdt it 2-1 foar trio Tuinenga dat de iene nei de oare boppe slacht. Flak dêrnei wurdt it nei in pear sitballen 3-1.
17:28

De finale fan de 42ste Frouljus PC set útein

Ek Harmke Siegersma komt ûnder lûd applaus it fjild op. It partoer is wer kompleet.