Maarten van der Weijden kriget noch in huldiging fan gemeente Waalwijk

Maarten van der Weijden kriget ek yn syn wenplak Waspik (gemeente Waalwijk) noch in huldiging. Hy helle mear as 2,5 miljoen euro op mei de swimalvestêdetocht en waard moandei op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert ek al huldige.
Huldiging Maarten van der Weijden by de Aldehou © ANP
Van der Weijden woe 11.000 ophelje foar ûndersyk nei kanker, mar dat is folle mear wurden. Hy soe 200 kilometer swimme, mar moast nei 163 opjaan. Van der Weijden wie siik wurden en koe net fierder.
Omdat it sa'n enoarme prestaasje wie, is Van der Weijden huldige en krige hy yn Ljouwert ek noch in spesjaal Alvestêdetochtkrúske fan premier Mark Rutte. Boargemaster Nol Kleijngeld fan Waalwijk hat moandei sein dat ek syn gemeente stilstean sil by de swimtocht. "De hele gemeente Waalwijk is zo trots als een pauw met zo'n inwoner", seit Kleijngeld.
Van der Weijden wennet yn Waspik en is dêr ek noch gemeenteriedslid foar de VVD. De boargemaster hat noch net sein wêr't en wannear't de huldiging is.