Tredde part fan brokkolyrisping ferlern troch 'hittestress'

Tredde part fan brokkolyrisping ferlern troch 'hittestress'
Troch de hege temperaturen en de drûchte fan dizze simmer is 30 oant 35 prosint fan de brokkoly op it lân net te rispjen. Boppedat is de rest ek fan folle mindere kwaliteit en groeie der in soad blêden troch de koal. Dy moatte der mei de hân úthelle wurde, wat in soad ekstra kosten opsmyt. Ek al waard der in soad bereind, dochs ha de planten bot lêst fan wat 'hittestress' neamd wurdt.
© Omrop Fryslân, René Koster
Fanwege it legere oanbod is de priis wol goed en binne ôfnimmers ek wat minder kritysk. Troch minder ôf te karren, leit der teminsten dochs noch brokkoly yn de winkels. De bruorren Goodijk fan Seisbierrum binne op it stuit drok mei de ferwurking dwaande.
Harkje nei de bydrage oer de brokkoly en de sûkerbiten

Sûkerbiten

De sûkerbiten stean der krekt wol goed foar en dêr wurdt fanwege it simmerske waar sels in ekstra heech sûkerpersintaazje ferwachte. Dat de Suiker Unie de start fan de bitekampanje in wike útstelt, rekket neffens de Goodijks de boeren op de klaai minder as dy op it sân.